Kampioen Jong Hearrenfean ferliest fan RKC Waalwyk

22 maaie 2018 - 21:07

Jong Hearrenfean is der tiisdeitejûn op eigen fjild op Skoatterwâld net yn slagge om te winnen fan Jong RKC. De Friezen ferlearen mei 2-4 fan it alvetal út Waalwyk. RKC stie lêste yn it klassemint. It ferlies makke foar de Friezen net in soad mear út, want ein april wie al dúdlik dat de beloften fan Jong Hearrenfean kampioen wurde soenen.

Yn de earste helte slagge beide klups der net yn om de bal yn de netten te krijen. Melle Meulensteen fan RKC soarge nei it skoft foar de earste twa doelpunten yn de 57ste en 75ste minút. Ingo van Weert makke dêr twa minuten letter 0-3 fan.

Dêrnei kamen de Friezen mei in comeback. Yn de 77ste minút skoarde John Iredale it earste doelpunt, Emil Fredriksson makke der 2-3 fan yn de 82ste minút. Gigli Ndefe fan RKC makke de 2-4 yn de 89ste minút. Dat wie de einstân.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)