Marit Bouwmeester tiisdei net yn aksje op Regatta Medemblik

22 maaie 2018 - 20:55

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten is tiisdei net yn aksje kaam op de Regatta fan Medemblik. Dat hat se sels besluten. Neffens de Laser Radial-sylster past dizze wedstriidwike yn Medemblik net goed by har plannen foar Aarhus. Normaalsprutsen soe se no krekt begûn wêze mei de training foar it WK. In wedstriid komt dan net goed út.

Bouwmeester seit dat de Laser Radial-klasse yn Medemblik in lyts wedstriidfjild hat. Dêr sile net folle toppers. Dêrom kin se der net folle út helje en hat se besluten in eigen programma te folgjen. It hinget fan it waar en fan it trainingsplan ôf oft Bouwmeester de kommende dagen in pear wedstrydsjes mei fart.

(advertinsje)
(advertinsje)