Omwenners slepe REC foar Ried fan Steat fanwege dioksine

22 maaie 2018 - 20:06

Fyftjin omwenners fan de ôffaloven REC yn Harns hawwe by de Ried fan Steat yn Den Haag opnij in wiidweidich ûndersyk easke nei de útstjit fan dioksine. Der is wat mis mei it ferbaarningsproses fan de REC, sa binne se fan betinken. 

De saak is oanspand tsjin de Provinsje Fryslân. De omwenners fine dat de provinsje ûnterjochte de útstjit fan dioksine net hânhavenet. De omwenners wolle dat de útstjit ûnder kontinue kontrôle stiet. 

It provinsjebestjoer hat de REC in tal twangsommen oplein. Dy hawwe, neffens de omwenners, neat te krijen mei de útstjit fan dioksines, mar mei oare oertrêdings. Advokaat Henri Sarolea fan de omwenners seit dat it giet it om bysaken, wylst it haadfoarskrift net hânhavene wurdt.

Neffens de provinsje sels binne de skealike effekten fan de dioksine-útstjit hiel lyts. De útspraak is oer in pear wiken.

(advertinsje)