Plannen genôch foar gebou grifformearde tsjerke Lemmer

'It gehiel opsplitse en brûke foar meardere nije bestimmingen.' Dat wie de meast neamde suggestje foar de grifformearde tsjerke fan De Lemmer dy't te keap stiet.
De PKN-gemeente brûkt op it stuit twa gebouwen. Foar it tal tsjerkegongers hoecht dat bepaald net, Dêrom is besletten de eardere grifformearde tsjerke te ferkeapjen. De tsjerke sels mei pastorij en kosterswente is fan 1890 en in gemeentlik monumint. De gebouwen dêrachter binne fan folle letter datum en meie wol sloopt wurde. It leafst sjocht de PKN-gemeente dat de tsjerke sels in publike funksje hâldt.
By in iepen hûs en op in ynformaasjegearkomste wie tiisdei aardich wat flecht op 'e koai. De measten seagen as oplossing in kombinaasje fan apparteminten mei in galery, in grand café, en/of konsertromte.
De tsjerketoer makket de ferkeap ekstra lestich, om't de nije eigener noch dit jier begjinne moat mei de restauraasje dêrfan.