PvdA: Rap ynternet saak fan algemien belang

22 maaie 2018 - 19:25

Ynternet moat in nutsfoarsjenning wurde, dus in saak fan algemien belang. Dat fynt de steatefraksje fan de Partij van de Arbeid. Dy wolle dat deputearre Poepjes dêrop oantrunet by de Europeeske Uny.

Rap ynternet moat foar elkenien berikber wêze, fynt de PvdA. Dat slút oan by de oanbefellingen fan de Noordlike Rekkenkeamer. Yn Provinsjale Steaten wurdt woansdei praat oer it rapport 'Internet, en snel een beetje graag!'

De PvdA wol boargerinisjativen by de oanlis fan rap ynternet belûke, foaral yn de saneamde 'grize gebieten', dêr't traach ynternet is. Hoe better oft de grize gebieten holpen wurde, hoe mear oft dat soarget foar rap ynternet yn de ûnrendabele saneamde 'wite gebieten'.

Trefwurden: 
ynternet PvdA
(advertinsje)
(advertinsje)