Frou oppakt dy't skjinmakkersguod stellen hat
In 30-jierrige frou út Ljouwert is tiisdei oppakt, nei't se skjinmakmiddelen stellen hie yn in winkel oan de Van Loonstrjitte. Doe't de frou troch personiel oansprutsen waard, liet se de tas mei stellen guod stean en stapte se yn 'e auto.
De plysje koe de frou letter oanhâlde. Dat wie yn de Valeriusstrjitte yn de Fryske haadstêd.