Jacht omslein op Brekken

22 jun 2012 - 11:27

Op de Flakke Brekken bij Nijhuzum is freedtemoarn in plezierjacht omslein. De trije opfarrenden binne op 'e kyl klommen. It wetter is dêr mei sawat ien meter tweintich net djip.

Neffens in wurdfierder fan de plysje wie it net nedich in ambulânse nei it plak fan it ûngefal te stjoeren. De brânwacht is der wol by om eventueel help te ferlienen.

Trefwurden: 
jacht Flakke Brekken
(advertinsje)