Bijeflinterlinten noch net op alle plakken in sukses

De ferneamde bijeflinterlinten binne noch net oeral in sukses. De linten binne in boargerinisjatyf yn de eardere gemeente Littenseradiel. Doel wie om fjirtjin doarpen yn dy gemeente mei de gemeente Ljouwert te ferbinen dêr't se yn opgien binne. Letterlik, troch it ynsiedzjen fan 150 kilometer oan berms tusken de doarpen en de stêd.
Ferline jier is dat ynsiedzjen troch skoalbern begûn. Mar op guon plakken, benammen om Jorwert hinne, lykje de blommen net op te kommen. Margaretha Posthumus fan it 'BijeFlinterLint' seit dat it probleem is dat de blommen minder hurd groeie as it gers.
Frijwilligers sille no it gers tusken de blommen wei lûke. Dizze wike begjint it ynsiedzjen wer. Learlingen fan skoalle It Pertoer yn Weidum giene tiisdei de berms by del mei it sied.