'Stel de fraach fan dyn libben' oer psychyske problemen

22 maaie 2018 - 18:26

Hoe giet it no echt mei dy? Tinkst wolris: ik wol der in ein oan meitsje? Dy fragen kinne it ferskil meitsje tusken libben en dea. De GGD Fryslân wol dat dosinten dy fragen stelle oan studinten, sadat psychyske problemen earder sinjalearre wurde.

In grutte groep studinten hat te krijen mei depresjes. Ien op de fiif tinkt der sels oan him- of harsels te koart te dwaan. Dat hat bliken dien út earder ûndersyk fan 'Studieklimaat, gezondheid en studiesucces 2017'. Dêr iepen oer prate bliuwt dreech. Minsken yn de direkte omjouwing fan de studinten kinne dêr in wichtige rol yn spylje.

De GGD Fryslân set tiisdei útein mei in kampanje oer selsmoardprevinsje yn Ljouwert. De kommende twa wiken wurde radiospotsjes útstjoerd, binne online advertinsjes te sjen en stiet der ynformaasje op bushokjes. Nij dit jier is in animaasje dêr't 113 konkrete tips en hânfetten yn jûn wurde om oer selsmoard te praten. De kampanje is in wichtich ûnderdiel fan in brede lanlike oanpak, mei Supranet Community, it regionale Suïcidepreventie Actienetwerk.

Training dosinten

Om dosinten te learen hoe't se omgean moatte mei studinten mei psychyske klachten of mei selsmoardplannen, kinne se op skoalle in kursus krije fan '113 selsmoardprevinsje'. Op it Van Hall hawwe se dat al dien. Dosinten fan dy skoalle hawwe it sels ek meimakke dat in studint him tekoart dien hat. De training giet net allinnich oer it foarkommen fan selsmoard, mar ek oer hoe it petear oan te gean mei studinten. It is wichtich dat der mear en better praat wurdt oer psychyske problemen. Neist dosinten wol de GGD Fryslân ek húsdokters traine.

Undersyk ûnder studinten 

Al jierren giet in net goed mei it psychysk wolwêzen fan in soad studinten. Lektoraat iHuman/Welzijn Zorg Digitaal fan NHL Stenden hat yn 2016 ûnder earstejiers op NHL Stenden en it Van Hall Larenstein ûndersyk dien nei lichaamlike en psychososjale sûnens.

It ûndersyk hat wer nije fragen opsmiten, lykas 'Hoe kinne de hegeskoallen learlingen mei psychyske klachten better helpe?'. Dêrom komt der in ferfolch op it ûndersyk. It Van Hall is krekt úteinset mei in fragelist. Op NHL Stenden sille se dêr meikoarten ek mei begjinne. Der binne ek fjouwer studinten dy't ûndersyk dogge. Ilse Roorda, fjirdejiers ferpleechkunde, is ien fan harren. Doel fan har ûndersyk is te sjen oft it helpoanbod foar jongfolwoeksenen tusken de 18 en 27 jier better oansluten wurde kin op it ferlet. Jongerein dy't oan dit ûndersyk meidwaan wolle, kinne dat dwaan op nhl-lectoraten

113

Minsken dy't selsmoardgedachten hawwe of dy't harren soargen meitsje oer in oar, kinne op '113 selsmoardprevinsje' mei professionals belje of chatte. It nûmer is 0900-0113 of sjoch op www.113.nl

(advertinsje)
(advertinsje)