Twa Ljouwerters oanhâlden nei hûssiking nei drugs

Drugs © Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan moandei op tiisdei op trije plakken yn Ljouwert hûzen trochsocht nei klachten oer drugshannel. Dêrby binne twa Ljouwerters fan 27 en 39 oanhâlden.
De plysje naam yn de wenten oan de Valeriusstrjitte, Robinsonstrjite en Soendastrjitte kokaïne en heroïne yn beslach. Ek waarden der kontant jild en djoere klean en skuon meinaam. De plysje slút net út dat der mear minsken oppakt wurde sille.