Fryslân yn top 3: "Hier hebben we nog jaren profijt van"

22 maaie 2018 - 17:00

Haadredakteur Sara van Geloven fan Lonely Planet yn Nederlân is tige wiis mei it tredde plak foar Fryslân yn de list fan bêste Europeeske fakânsjebestimmingen. Oan sa'n topnotearring giet in hiel proses foarôf, leit se út: "Lonely Planet vraagt aan alle afdelingen tips voor het komende jaar. Die worden gegeven door de reisgidsauteurs, maar ook de negen internationale magazines van Lonely Planet. Daar zijn wij eentje van."

Dat Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd is, spilet mei: "Het is echt een lijst voor dit jaar en dit is echt een topjaar om naar Fryslân te komen. Culturele hoofdstad wordt mooi opgepakt met allerlei evenementen. En we tippen ook het landschap: de prachtige Friese meren waar je zo mooi kunt zeilen, het achterland en ook de Waddenzee was heel belangrijk."

Hoop op ynternasjonale reizgers

Wat de gefolgen binne fan de topnotearring, is net direkt dúdlik. "We willen juist de wat alternatieve bestemmingen in Europa laten zien. Internationale reizigers die hier voor het eerst komen, willen vaak naar Amsterdam. Daar is het hartstikke druk. Maar ook als je naar Leeuwarden gaat, dan krijg je een supergezellige stad. Ook met prachtige grachten en herenhuizen, maar veel minder druk. Dat levert misschien wel een nog authentiekere reiservaring op. We hopen dat er nu veel internationale reizigers naar Fryslân komen."

Noch jierren profyt fan

Ek Tjeerd van Bekkum is optein: "Dit is echt bijzonder, een heel prettige bijkomstigheid", seit de LF2018-direkteur. "We gaan pas later realiseren hoe belangrijk dit is. Van deze titel hebben we nog jaren profijt."

Der is net foar betelle, jout Van Bekkum oan. "De titel is onafhankelijk ontstaan. Maar als wij met een kleine toevoeging wereldwijd nog meer aandacht kunnen krijgen, dan laten we die kans niet schieten."

In miljoenepublyk

Martin Cnossen fan Merk Fryslân foarsjocht mear minsken dy't no nei Fryslân ta komme: "Dit smyt ekstra toeristen op. Wy ha sa'n soad moais te bieden. Benammen dit jier, mar dit is ek in prachtige opmaat om Fryslân yn lettere jierren te ûntdekken."

"Dit past hûndert persint yn ús manier fan wurkjen. Dit wurket yn ien klap nei in miljoenepublyk, dat soenen wy sels noait organisearje kinne. Hjir wurdt oan fertsjinne. Lestich om te sizzen om hoefolle oft it gean sil. Ik tink om tsientûzenen euro's en miskien wol mear."

Mona Keizer: Aangenaam verrast

"Ik was aangenaam verrast", seit steatssekretaris Mona Keizer. "Wij in Nederland weten natuurlijk hoe prachtig Fryslân is. Dat nu de rest van de wereld dat ook te horen krijgt, vind ik geweldig." Keizer sels hat noch net by Ljouwert Fryslân Kulurele Haadstêd west. Se hat al  in foarpriuwke sjoen yn Den Haag. "Dat was indrukwekkend. Nog een extra reden om te gaan." 

Dat it Nasjonaal Buro foar Toerisme Fryslân en oare regio's lizze lit, ûntstriidt Keizer. Alle bûtenlânske toeristen wolle nei Amsterdam, mar de kombinaasje fan sa'n stêd mei oare regio's makket it krekt sa oantreklik.  "Als je naar Londen gaat, laat je jezelf ook niet naar andere stadjes sturen."

As jo it oer oare prachtige gebieten hawwe, is Ljouwert dêr in moai foarbyld fan, neffens Keizer. Mar de provinsjes en de stêden moatte sels ek sjen hoe moai oft it dêr is. "Je ziet het vaak zelf niet meer."

Trefwurden: 
Lonely Planet LF2018
(advertinsje)