Havenjild soarget foar goed boekjier 2017 Harns

© Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De gemeente Harns hat it boekjier 2017 goed ôfsletten mei hast 5 miljoen euro. Troch it oanlûken fan de ekonomy binne der mear opbringsten út de haven- en kadejilden. Fierders hat Harns mear belesting heffe kinne, om't der mear boud is yn de gemeente.
Yn it sosjaal domein is sprake fan in oerskot. Dat jild giet nei de reserve foar it sosjaal domein.