Balstien as boarterstastel

22 jun 2012 - 11:18

In balstien fan tsien ton is freedtemoarn betiid mei in grutte kraan op it plein fan de Uniaskoalle yn Wurdum delset. De stien komt út East-Dútslân. It is de bedoeling dat bern op 'e stien klimme kinne om te boartsjen.

It skoalplein krijt op 't heden in opknapbeurt mei natuerlik materiaal dat bern útdaget om sels te boartsjen. Sa komme der ûnder oare beamstamkes, in fersideboskje en in grientetún. Nei de simmer moat it nije skoalplein klear wêze.

Trefwurden: 
balstien
(advertinsje)