Jild foar restauraasje fan Fryske monuminten

De tsjerke fan Easterein © Omrop Fryslân, René Koster
De provinsje stelt jild beskikber foar restauraasje fan monumintale pleatsen, tsjerken en tsjerketuorren. 2018 is it Europeesk jier fan it Kultureel Erfgoed.
Eigeners fan Fryske monuminten kinne subsydzje oanfreegje foar restauraasje. Dêrfoar hat de provinsje 1,6 miljoen euro apart set. Njonken de buorkerijen dy't noch yn bedriuw binne, is der ekstra omtinken foar dakken fan pleatsen en tsjerken.
Dakken dy't driuwend ferfongen wurde moatte, krije foarrang, ek al is it kasko noch yn reedlike steat. It doel fan de regeling is om werbestimming foar dizze gebouwen oan te fiterjen.