Band Euphonia út Wommels hat ferlet fan nije leden

22 maaie 2018 - 14:05

In needgjalp fan de Melody & Percussion Band fan Euphonia út Wommels. De feriening hat driuwend ferlet fan nije leden, oars komt der nei 65 jier in ein oan it bestean fan de band. Bestjoerslid Alice Punter sit al tritich jier by Euphonia en hopet dat der minsken binne dy't by de feriening komme wolle. Op it stuit binne der noch mar tolve folwoeksenen en fjouwer jeugdleden, en dat is fierstente min.

''It is noch hieltyd leuk, mar as der gjin nije minsken bykomme, hâldt it op'', fertelt se. Wêrom't it tal leden by de band weromrint? ''Bern hawwe it drok, muzyk is op it stuit net 'yn' en der binne in soad ferieningen dêr't minsken lid fan wurde kinne'', neffens Alice Punter.

Trefwurden: 
Wommels Euphonia band
(advertinsje)