Noch gjin dúdlikheid foar learlingen Lyts Tolsum

22 maaie 2018 - 12:23

Foar sân learlingen dy't ûnderwiis folgje by soarch- en learbuorkerij Lyts Tolsum by Tsjom is it noch hieltyd net dúdlik oft se takom skoaljier noch wel les krije kinne. De gemeenten, dêr't de learlingen wenje, jouwe dêr gjin jild mear foar. Ien jongere sit al thús, om't syn beskikking ôfrûn is. De faak autistyske bern mei gedrachsproblemen wurde allinnich op Lyts Tolsum sa yntinsyf begelaat dat se in diploma helje kinne. Dat dogge se yn gearwurking mei CSG Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer.

Underwiisstipe

It mei gjin les hjitte, mar ûnderwiisstipe, en it jout al alve jier resultaten. De gemeenten bliuwe op it stânpunt dat jild foar soarch net nei ûnderwiis gean mei. "Dat de learlingen no noch net witte hoe't it aanst komt, jout ekstra druk middenyn de eksamentiid", seit Ernst Rusticus fan Lyts Tolsum.

Gemeenten: gjin kommentaar

De gemeenten wolle gjin kommentaar jaan op de situaasje by Lyts Tolsum. Se jouwe oan dat se mei oare gemeenten gearwurkje en dat se konstruktyf hannele ha foar in kwetsbere groep, lykas autistyske learlingen yn it fuortset ûnderwiis. In útkomst is der noch net en sa bliuwt de ûnwissichheid foar de jongeren bestean.

"Boppedat moatte se dan it tsjil op 'e nij útfine", fynt Rusticus. "En Lyts Tolsum wurdt der dan net by belutsen, wylst wy al alve jier resultaten boeke mei ús metoade." As aanst foar njoggen fan de njoggentjin jongeren it soarch- en leartrajekt komt te ferfallen, dan stiet ek de takomst fan Lyts Tolsum en it team fan begelieders faai.

(advertinsje)
(advertinsje)