Crispijn Ariëns pakt nasjonale skeelertitel op de maraton

22 maaie 2018 - 11:27

Crispijn Ariëns hat moandei yn it Noard-Hollânske Waarland de nasjonale skeelertitel pakt op de maraton. De ynwenner fan Wolvegea kaam nei 42 kilometer solo oer de finish. Dêr hie er in oere en trije minuten foar nedich. Casper de Gier en Chris Huizinga waarden twadde en tredde.

By de froulju wie gjin Frysk sukses. Manon Kamminga hie net de "goede benen" foar de kopgroep en waard achtste. De Haulerwykster wie wol de bêste Friezinne mei in achtste plak. De titel wie foar Bianca Roosenboom út Kampen.

(advertinsje)