Distriktstitels foar Danique Braam en Hartthijs de Vries

Danique Braam yn 2016 yn Droegeham © www.orange-pictures.nl
Danique Braam út Feanwâlden hat moandei it distriktskampioenskip hurdfytsen yn Gieten wûn. Se wie yn de sprint te rap foar Sanne Bouwmeester en Marije Joling. Bouwmeester wie ferline jier op De Harkema noch de winner.
By de beloften wie de titel foar it tredde jier op rige foar Hartthijs de Vries. De 21-jierrige Kollumer siet yn de twadde grutte groep, mar foar him riden allinnich mar mannen dy't meidienen oan de wedstriid foar eliterenners. De Vries wûn de sprint fan de twadde groep en waard dêrmei wer distriktskampioen.