Serviceburo soarchorganisaasje Patyna ferhuzet nei Snits

22 maaie 2018 - 10:57

It serviceburo fan âldereinsoarchorganisaasje Patyna sil ferhúzje. Fan 28 maaie ôf binne alle sintrale tsjinsten húsfeste yn it kantoargebou oan de Harste yn Snits. Dit eardere gebou fan wenningkorporaasje Accolade stiet neist it wensoarch- en behannelsintrum Ielânen fan Patyna. It gebou is hielendal ferboud en foldocht oan alle duorsume easken. De 120 meiwurkers dy't no noch ferspraat oer de lokaasjes yn Boalsert en op De Jouwer wurkje, ferhúzje mei nei Snits.

It gebou yn Boalsert wurdt ferkocht, dat op De Jouwer wurdt by it neistlizzende fersoargingshûs lutsen. Dat de sintrale tsjinst op twa lokaasjes wurke, kaam troch de fúzje fan soarchynstânsjes Tellens en Plantein. By it serviceburo binne se ferantwurdlik foar de finânsjes, IT, fasilitêre saken en kommunikaasje. Patyna wurket op tritich lokaasjes en hat sa'n 2.800 meiwurkers.

(advertinsje)