Plysje fynt mannen ûnder ynfloed yn gers en op strjitte

22 maaie 2018 - 10:37

De plysje yn Ljouwert hat moandeitejûn in 69-jierrige dronken man thúsbrocht. De man waard lizzend yn it gers by de Oude Lune oantroffen. Hy prate yn himsels en koe net langer op syn fuotten stean. De plysjes ha foar dizze kear in útsûndering makke en de man thús op de bank foar de telefyzje set.

In 23-jierrige Ljouwerter waard yn de nacht fan moandei op tiisdei op de Idzerdastins yn syn wenplak op strjitte fûn. Hy lei op strjitte, wie net oansprekber wie en sloech om him hinne. Om't de man nei alle gedachten GHB brûkt hat, is hy nei it sikehûs ta brocht. De plysje sil de saak fierder ûndersykje.

Trefwurden: 
drank drugs GHB
(advertinsje)
(advertinsje)