Boeten útdield en rydbewizen ynnommen by Motoralvestêdetocht

22 maaie 2018 - 09:36

De plysje hat op pinkstermoandei by de Motoralvestêdetocht 55 boeten útdield. Fan fjouwer motorriders is it rydbewiis ynnommen om't se te hurd riden. Der is 30 kear bekeurd foar it te hurd riden. Oare boetes wiene ûnder oare foar it net lêsber ha fan it kenteken, technyske mankeminten oan in trekker en frachtwein, gjin rjochting oanjaan en gjin helm op ha.

Trefwurden: 
motoralvestêdetocht
(advertinsje)