Noch gjin fruchten, mar Ljouwerter 'Voedselbos' bloeit

It duorret noch wol efkes foardat der in soad fruchten te rispjen binne, mar it Voedselbos yn Ljouwert groeit en bloeit. Inkelde jierren lyn is begûn mei it inisjatyf foar in Voedselbos yn de Fryske haadstêd. By de Ljouwerter Bosk is twa bunder iepenbier Voedelbos realisearre. Doel is dat minsken fergees troch de bosk kuierje kinne en ek rispje en priuwe kinne.
Soad oanplante
Der is de ôfrûne jierren al fan alles oanplante, nei alle gedachten duorret it noch wol twa jier foardat der echt in soad fruchten binne. ''Het moet allemaal nog opkomen'', fertelt Jan Smeding fan it Voedselbos.
''We hebben hier bessenstruiken, bramen, frambozen en verschillende fruitrassen. Nog even en dan groeien er ook appels, peren en pruimen. We hebben zelfs nog een kiwi, om te kijken of dat lukt hier in Leeuwarden.''