Kollum: ''Eala Frya Fresena''

22 maaie 2018 - 07:15

''Friezen binne in bestindich folk. Gean mar nei: al foar de jiertelling waard der oer de Frisii sprutsen, mei tank oan de Romeinen dy't dat fêstlein ha. Yn dy tiid wiene de Friezen proto-Keltysk, neffens de lêste wittenskiplike stân fan saken. Dat betsjut dat de nammen fan de minsken oars wiene en dat de taal in Keltyske taal wie. Verritus en Malorix binne bygelyks bekende Fryske stammelieders út it jier 54. De taal kin oant op beskate hichte neigien wurde troch ûnder oaren de stúdzje fan de runen.

Mei de migraasjeperioade, likernôch fan de 4e iuw ôf, ferdwine de Friezen út byld. Nei alle gedachten troch it feroarjen fan it klimaat, troch it heger kommen fan de seespegel, giene minsken fuort. Benammen oan de westlike kust wie amper bewenning mear, yn it terpegebiet hâlden noch wol wat trochsetters ta. Yn it jier 515 komme de Friezen wer foar 't ljocht. Yn stee fan Keltysk binne dy saneamde 'nije Friezen' Germaansk. Dat is ek wer nei te gean út de stúdzje fan de runen, sis mar in soarte fan alfabet. Troch lytse feroaringen yn dy tekens kinne wittenskippers sjen dat wurdlûden oars klinke. Op dy wize is fêst te stellen dat de taal fan de nije Friezen tenei Noardsee-Germaansk is, wierskynlik ûnder ynfloed fan Denen en Saksen. Opfallend is it gegeven dat de namme Friezen bestean bliuwt. In sterk merk, soene de reklamejonges sizze.

Hawar, Fryslân wreidet út fan It Swin oant de Weser, de Lex Frisionum (Wet fan de Friezen) wurdt skreaun en alles giet hartstikke moai oant de Franken dat lestige Fryslân marginalisearje. Likegoed bliuwt it bestean: Lyts mar krigel. Sa komme yn de 12e en 13e iuw ôffurdigen fan de sân Fryske lannen by de Upstalsbeam yn Aurich byinoar om rjocht te sprekken, besluten te nimmen en, as it moast, de Fryske frijheid te ferdedigjen. Dat gearkommen fûn ien kear yn 't jier plak op de tiisdeis nei Pinkster.

Ik moast hjir oan tinke nei oanlieding fan in online petear tusken in Amerikaan en in Hollanner. Dat gie oer de trailer fan de film Redbad. De Amerikaan hifke wêr't dat eins oer gie. De Hollanner antwurde dat it oer de lêste Fryske kening gie dy't tsjin de Kristlike ynkringer focht. Hy heakke dêroan ta dat dy Fryske stam noch hieltyd bestie. Dat dy in eigen taal hie. Dat de Friezen ien fan de noch mar in pear oarspronklike stammen yn Europa wiene, yn 'e mande mei de Sami.

Sa is it. Fryslân hat in lange en rike histoarje. Dy meie wy koesterje én fuortsette. Want it giet om de takomst. Dat lear de skiednis, brûk de taal, jou dy lang om let syn rjochtlik plak yn it ûnderwiis en stean noed foar dat machtich kultureel ferskaat. Trouwens: jûn komme Friezen byinoar by de Upstalsbeam yn Aurich. Noch altyd, ek al binne de ûnderwerpen feroare. Sa't ik oan 't begjin al sei: Friezen binne in bestindich folk!''

(advertinsje)
(advertinsje)