Fryslân tredde op Europeeske fakânsjelist Lonely Planet

Fryslân stiet op it tredde plak fan bêste Europeeske fakânsjebestimmingen yn de top 10 fan Lonely Planet. It is de heechste notearring ea fan in Nederlânske bestimming yn dizze jierlikse list. Fryslân stiet dêrmei boppe bestimmingen lykas de Provence yn Frankryk en de Vipava-fallei yn Slovenië. It Italiaanske Emylje-Romanje stiet boppe-oan de list en Kantaabrje yn Spanje op twa.
Us provinsje wurdt neffens Lonely Planet faak oer de holle sjoen troch ynternasjonale reizgers, mar is "een verborgen parel".
Gesellige stêd en ûnbegrinze lânskip
De reisgids hat it oer it gesellige en kompakte Ljouwert mei in bloeiende kafeekultuer en histoaryske hûzen oan de grêften oan de iene kant, en oan de oare kant it ûnbegrinzhe lânskip, mei as hichtepunt de Fryske Waadeilannen mei har sândunen en lange strannen.
De top 10 fan de reisgids is bedoeld foar minsken dy't it massatoerisme meie wolle.
Rotterdam en Teksel
De hege notearring foar Fryslân soe wolris ekstra minsken nei de provinsje lûke kinne. Yn 2015 stie Rotterdam bygelyks op 5 yn de list fan Lonely Planet en dat smiet dêr in protte ekstra toeristen op. Teksel stie yn 2016 op it njoggende plak.