FIDEO: Fytsalvestêdetocht 2018: waarmte, wyn en falpartijen

21 maaie 2018 - 22:48

De Fytsalvestêdetocht fan 2018 sil de boeken yngean as in tocht dy't goed te dwaan wie. Moandeitemoarn betiid waard it startskot dien troch swimmer Maarten van der Weijden. 

Mei temperatueren tusken de 20 en de 25 graden wie it waarm, mar net hyt. De wyn wie foar guon fytsers wol wat in probleem, mar yn fergelyk mei oare jierren hie it ek in stik minder wêze kind. Yn de rin fan de middei joech de wyn him ek nochris del, wêrtroch't de tocht nei Boalsert ta krekt wat minder dreech wie as earst.

Falpartijen

De organisaasje seit dat der dit jier mear falpartijen plakfûn hawwe as ferline jier. Dit soe te krijen hawwe kinne mei de waarsomstannichheden, mar de groepen fytsers skoden yn it ferrin fan de dei ek yninoar. Om fiif oere middeis hinne wiene der noch mar twatûzen fan de yn totaal 14.679 fytsers oer de finish kaam. 

Wetterpunten

Under oare troch it waarme waar, wiene de wetterpunten op de rûte hiel drok. Der stiene flinke rigen en op guon plakken wie mar ien wetterpunt oansletten. Dit kaam neffens de organisaasje troch in kommunikaasjeflater. 

De tocht hie ek dit jier in pear tige bysûndere dielnimmers. Sa fytste Wiebe Tolsma fan Frjentsjer de tocht dit jier alwer foar de 60ste kear, en tikten Jan Terbraak en Akke van der Werf tegearre de 100 kear oan. Akke fytste de tocht 44 kear, Jan fytste al 56 kear.

Trefwurden: 
fytsalvestêdetocht
(advertinsje)