Brânwacht yn aksje om fûle trekkerbrân by Wâldsein

21 maaie 2018 - 22:22

De brânwacht fan Wâldsein moast moandeitejûn yn aksje komme foar in trekkerbrân yn Smelbrêge. It gie om in fûle brân mei in soad reek, dat yn de fiere omkriten te sjen wie. De brânwacht skaalde dêrom al gau op nei in middelbrân. Benammen ek om't de trekker tichtby de skuorre fan in pleats stie. De brânwacht koe lykwols foarkomme dat it fjoer oersloech. 

Trefwurden: 
brân brânwacht
(advertinsje)