Ambassadeur fan Amearika fytst de Fytsalvestêdetocht út

21 maaie 2018 - 20:43

In bysûndere dielnimmer moandei oan de Fytsalvestêdetocht is miskien by in protte minsken ûngemurken foarbyfytst. De nije ambassadeur foar de VS yn Nederlân, Pete Hoekstra, hat de tocht ek folbrocht.

De Amerikaanske politikus lit op it offisjele twitteraccount fan de ambassade witte dat er de tocht mei in soad nocht meifytst hat. "Wat in prachtige dei foar in fytstocht" skriuwt er yn it Ingelsk. En it is ek net de earste kear dat de Amerikaan de tocht docht: "Ik haw myn tredde Alvestêdetocht folbrocht." Hy lokwinsket elkenien dy't moandei de 235 kilometer lange tocht mei him fytst hat.

(advertinsje)