Jubilaris Wiebe Tolsma foar de 60ste kear oer de finish

Wiebe Tolsma fan Frjentsjer hat it helle. De opfallende jubilaris yn syn swarte pak mei hege hoed hat moandei de Alvestêdetocht foar de 60ste kear folbrocht. Krekt foar achten kaam er oer de finish.
"It hat sa'n moaie dei west," fertelde er oan ferslachjouwer Bauke Deelstra nei't er de bosken blommen fan syn fans yn ûntfangst naam hie. "Ik hoegde allinnich mar te traapjen, ik hie famylje en freonen om my hinne, dy hawwe my oer de finish brocht." De jubilaris fytste mei twa pakesizzers fan 16 jier, mar dat betsjut neffens Tolsma net dat er de jonge jonges brûkt hat om út de wyn te bliuwen. "Ik haw ek myn part wol foarop fytst hear!"
Prima waar
It waar like moandei prima, al wiene der ek in soad fytsers dy't it dreech hiene mei de temperatuer en de wyn. Tolsma hat lykwols 60 jier oan ûnderfining en hat de tochten wol folle minder meimakke. "Dit wie ien fan de lichtsten dy't ik ea meimakke haw. Net te waarm, en in bytsje wyn."
De grutte fraach is no lykwols: hat dit de lêste kear west foar Tolsma? "Je wurde alle jierren in jier âlder," seit er, "mar as ik sa bliuw as ik no bin dan hat it net de lêste kear west."