Motorrider ferwûne nei ûngelok mei antike motor

21 maaie 2018 - 19:22

In motorrider is moandei oan it begjin fan de jûn hurd ûnderút gien by Dronryp. It is net krekt dúdlik oft it slachtoffer op de A31 ûnderút gien is, of op de paralleldyk. De antike motor dêr't it slachtoffer op ûnderweis wie, leit op de paralleldyk njonken de A31.  

Der wiene meardere ambulânses en in traumahelikopter oproppen om it slachtoffer te helpen. It is net dúdlik hoe't de motorrider deroan ta is, of wat de oarsaak west hat fan it ûngelok. 

Trefwurden: 
ûngelok motor
(advertinsje)