Bitgum wint de 114e Bûnspartij yn Frjentsjer

It partoer fan Bitgum hat pinkstermoandei yn in spannende striid de 114e Bûnspartij wûn. Mei in einstân fan 5-5 en 6-4 wie it partoer fan Johan van der Meulen, Steven Koster en Tjisse Steenstra te sterk foar it partoer fan Winsum.
It wie in spannende finale wêryn't oan de opslach bytiden ritich keatst waard. Mar de opslaggers wiene moandeitemiddei ek genôch yn foarm om moaie saken sjen te litten. Itselde jilde foar de perkspilers, wêrtroch't Bitgum en Winsum der in ûnderhâldende finale fan meitsje koene.
Favoryt Bitgum kaam sels noch mei 5-3 achter, mar wist úteinlik op 5-5 en 6-4 dochs de winst te pakken. It is 72 jier lyn dat Bitgum de Bûnspartij wist te winnen. Dit barde yn 1946 foar it lêst.