Anty-Swarte Pyt aktivist te gast yn IepenUP

21 maaie 2018 - 17:53

De anty-Swarte Pyt aktivist Jerry Afriyie is woansdei ien fan de gasten by it Omrop Fryslân programma 'IepenUP'.

Hy soe yn novimber mei in groep oare aktivisten yn Dokkum demonstrearje tsjin Swarte Pyt. De bussen waarden lykwols by De Jouwer tsjinhâlden troch in groep jongeren. It tema fan de IepenUP útstjoering is 'Truth to power'. De gasten prate dêr oer wa't of wat macht oer har hân hat en wat se dêr fan leard hawwe.

Foar Jerry Afriyie wurdt it de earste kear wer dat hy yn Fryslân is nei de blokkade-aksje by De Jouwer. Hy sil fertelle oer wat him hjir oerkaam is en hoe't hy dêr tsjinoan sjocht. Oare gasten binne Olympysk Kampioen Esmee Visser en ûnder oare ek filmmakker Ismael Lotz.

(advertinsje)