Tûzen meiwurkers Aegon net mear mei de auto nei it wurk

Aegon freget har mear as tûzen meiwurkers yn Ljouwert om de earste twa wiken fan july op 'e fyts of mei it iepenbier ferfier nei it wurk te reizgjen. Aegon docht nammentlik mei oan de aksje 'Elfwegentocht' fan de Kulturele Haadstêd en liket dat hiel serieus te nimmen.
Meiwurkers fan it Aegon-kantoar yn Den Haag hawwe it fersyk krigen om fral net mei in fersmoargjende auto nei Ljouwert te reizgjen. Wa't fan Den Haag nei Fryslân wol kin dy reis it bêste mei de trein of in elektryske auto meitsje, sa lit it bedriuw witte.
Foarbyld
Projektlieder Tsjeard Hofstra fan de Elfwegentocht is wiis mei it beslút fan de Aegon om fan 1 oant 14 july 'fossylfrij' te reizgjen. Hy ferwachtet dat de kommende wiken noch in pear grutte wurkjouwers it foarbyld fan de Aegon folgje sille. De Elfwegentocht hopet dat ek nei heal july miljeufreonliker reizge wurde sil, as de minsken ien kear ûnderfûn hawwe hoe maklik it is om fossylfrij op it wurk te kommen.
Hofstra wennet sels yn Wommels en is wend om alle dagen mei de fyts nei syn wurk yn Ljouwert te riden. Allinnich as dat nedich is foar ôfspraken bûten Ljouwert pakt er in elektryske auto. It is in kwestje fan wenne, sa seit er. "Der is gjin better begjin en ein fan de wurkdei as op 'e fyts."
Wurkjouwers hawwe ynfloed
Wurkjouwers kinne neffens him in soad ynfloed útoefenje op it reisgedrach fan meiwurkers. "As der in dûs is en handoeken, sille meiwurkers dy't wat fierder fuort wenje earder op 'e fyts komme", seit er. "Mar as je in grut parkearplak oanlizze, kinne je der op rekkenje dat in soad minsken mei de auto komme." Aegon-meiwurkers dy't gjin kâns sjogge om op de fyts of mei it iepenbier ferfier yn Ljouwert te kommen kinne gebrûk meitsje fan in yntern 'koppelburo', dy't it carpoolen stimulearret. It doel is om dan wol safolle mooglik te carpoolen mei elektryske auto's of mei auto's dy't op blauwe disel ride. Blauwe disel is in brânstof dy't makke wurdt fan plante-ôffal.