Mear falpartijen by Fytsalvestêdetocht

21 maaie 2018 - 17:20

Der binne dit jier mear falpartijen by de Alvestêdetocht as ferline jier. Dat seit foarsitter Stephan Rekker fan de Fytsalvestêdetocht.

It is no noch net te sizzen wêrtroch't dit komt, mar de waarmte soe in rol spylje kinne. Ek soe it sa wêze kinne dat de fytsters wat byinoar klonterje, om't it tal dielnimmers dat om kertier foar fiven binnen wie noch mar op twatûzen lei. Dit is krekt wat mear as tsien prosint fan it totaal tal dielnimmers. Hjirtroch hat ek de biezemwein it drok.

Foar safier't de organisaasje it op dit stuit besjen kinne binne der gjin grutte ûngelokken bard, en hawwe de slachtoffers benammen skaafplakken en brutsen bonken.  

(advertinsje)