Soad lekke bannen by Alvestêdetocht foar soleksen

Argyffoto © ANP
De Alvestêdetocht foar soleksen hat moandei te krijen mei in soad lekke bannen, sa seit Piet Veldman fan de organisaasje.
Der dogge sawat 80 soleksen mei, mar neffens Veldman binne der grutte ferskillen yn it ûnderhâld dat de ferskate dielnimmers foar de tocht dien hawwe. Syn yndruk is dat guon har fyts mei helpmotor kwealik neisjoen hawwe, foardat se oan de lange tocht begongen. De lekke bannen soargje foar de nedige fertraging, want der wurdt besocht om de dielnimmers wat byinoar te hâlden. Om 17.00 oere hinne wiene de 80 soleksen noch yn Dokkum. Dêrnei begongen sy oan de lêste etappe nei Ljouwert.