Bitgum en Winsum yn de finale Bûnspartij 2018

Bitgum en Winsum binne de finalisten fan de 114e Bûnspartij dy't moandei keatst wurdt yn Frjentsjer. It Winsumer partoer mei Robert Grovenstein, Johannes Boersma en Evert Pieter Tolsma wûn yn de heale finale ferrassend fan Seisbierrum, dy't ferline jier noch yn de finale stie.
Ek Bitgum mei Johan van der Meulen, Steven Koster en Tjisse Steenstra fersloech in finalist fan ferline jier: Ljouwert. De finale sil om kertier foar fiven los op it Sjûkelân yn Frjentsjer.