Drugsdealers yn rekreaasjepark

22 jun 2012 - 10:43

Yn rekreaasjepark Yn 'e Lijte yn Grou binne twa ynwenners fan 18 en 21 út Gerkeskleaster oanhâlden fanwege drugshannel. Plysjes seagen de twa troch it doarp riden en besleaten de bestjoerder te kontrolearjen. Doe't se de twa manlju oansprutsen, die bliken dat se ûnder ynfloed fan drugs wiene. Yn 'e auto leine fjirtjin wikkels mei nei alle gedachten kokaïne en amfetamine, en ek noch himp en jild.

Beide fertochten binne meinaam nei it plysjeburo. De drugs, it jild en de auto binne yn beslach naam.

De twa fertochten wiene by de plysje bekend, yn ferbân mei eardere drugsdelikten.

Trefwurden: 
drugs Yn 'e Lijte
(advertinsje)