Dronken Ljouwerter mei holle yn in eamelernêst

21 maaie 2018 - 16:20

De plysje hat sneintemoarn in beskonken ynwenner fan Ljouwert út in wol hiel nuvere posysje helje moatten. De man waard om healwei sânen Achter de Hoven oantroffen mei syn holle yn in eamelernêst (mierenêst). De man siet tsjin in beam en wie yn in djippe sliep. De plysje hat de man wekker makke, en hat him foar syn eigen feiligens nei hûs ta brocht. De man wie stomdronken en krige dêrom noch in proses-ferbaal mei.

Trefwurden: 
Eamelers plysje
(advertinsje)
(advertinsje)