Doek falt foar Foliêreferiening Natuurzang

22 maaie 2018 - 06:00

Nei hast 80 jier komt der in ein oan in stikje ferieningsskiednis yn Ljouwert. Foliêreferiening Natuurzang yn Ljouwert hâldt der nammentlik mei op. Op 31 desimber hat de klup fan fûgelleafhawwers syn lêste dei, en komt der offisjeel in ein oan it bestean fan Natuurzang.

Op it hichtepunt yn de jierren '80 hie de klup mear as 200 leden, mar dêr binne no noch mar ûngefear 40 fan oer. En dy hawwe ek lang net altyd noch fûgels. It ledebestân is fergrize, seit foarsitter Gé Koole.

De leden komme noch wol by elkoar en it is dan ek wol smûk, mar dêrfoar allinnich is de feriening net oprjochte yn 1939. De foarsitter sels is ek folle minder fanatyk wurden mei it kweken fan fûgels. Koole: "Als er op de ledenvergadering tien mensen komen en acht daarvan hebben geen vogels, dan denk je ook wat zijn we hier eigenlijk aan het doen." 

Nei hast 80 jier sille de fûgelleafhawwers dus op syk moatte nei in nij ûnderkommen. 

(advertinsje)