Fryske Beweging yn enerzjy

22 jun 2012 - 10:37

Minsken dy't enerzjyprizen fergelykje wolle, kinne dêr fan no ôf ek foar te plak op in Fryske webside. De Ried fan de Fryske Beweging hat derfoar soarge dat de Nederlânsktalige webside energievergelijken.nl oerset is yn it Frysk.

Neffens de Ried is it fan belang dat soksoarte ynformaasje ek yn it Frysk beskikber is. De organisaasje fertsjinnet der ek jild mei. Alle kearen dat de Fryske ferzje op ynternet oanklikt wurdt, giet der in lyts jildbedrach nei de Ried fan de Fryske Beweging.

(advertinsje)