Noardlike provinsjes lansearje eigen ekonomysk bestjoer

22 maaie 2018 - 07:25

Fryslân, Grinslân en Drinte krije mei yngong fan tiisdei in mienskiplik 'Economic Board Noard-Nederlân'. Dizze gearwurking is bedoeld foar it ûntwikkeljen én útfieren fan ekonomyske projekten op it mêd fan enerzjytransysje (fan it gas ôf), sûn ite en logistyk.

Yn dit gearwurkingsferbân sitte de trije provinsjes, de wurkjouwers en it heger ûnderwiis mei-inoar oan tafel. Dit is unyk yn Nederlân. Benammen wurkjouwersorganisaasjes VNO/NCW & MKB hawwe der de ôfrûne tiid hurd oan lutsen om it safier te krijen.

Net allinnich op papier

Fryslân wurdt ûnder oare fertsjinwurdige troch deputearre Sander de Rouwe, dy't as vice-foarsitter oanskowe sil. De 'Economic Board Noard-Nederlân' wol boppe alles besykje foar te kommen dat it in papieren gearwurking bliuwt. Om dat safier te krijen komt der in echt sekretariaat by VNO/NCW Noard en is der in budzjet beskikber.

It nije 'Economic Board' wurdt tiisdeitemiddei presintearre yn Nieuwspoort, yn Den Haag.

(advertinsje)