Kazemattemuseum kin fierder mei werynrjochting

21 maaie 2018 - 15:06

It Kazemattemuseum op Koarnwertersân kin fierder mei de werynrjochting. It museum hat in tasizzing fan 250.000 euro krigen, wêrmei't de finânsjes foar it twadde part fan it wurk rûn binne.

Under oare it Nationaal Fonds voor Vrede, Vrijheid en Veteranenzorg, it Iepen Mienskipsfûns en de stichting Friesland 1940-1945 hawwe jild tasein. It museum hat sels 40.000 euro yn it projekt stutsen. Mei it jild sille ferskate kazematten opnij ynrjochte wurde. Sa komt der mear omtinken foar it ferset yn de regio en de Kâlde Oarloch. Ek it Dútske wachtlokaal krijt in opknapbeurt, en sil restaurearre wurde.

Digitaal

Njonken alle wurk oan de gebouwen sil der ek digitaal in slach makke wurde: sa komt der in nije webside en in nije hússtyl. De folsleine werynrjochting moat yn it foarjier fan 2019 klear wêze.

Trefwurden: 
Kazemattemuseum
(advertinsje)