Fytsalvestêdetocht: Belgyske Koerskoeien yn Aldemardum

In freoneploech fan 30 Belgen is pinkstermoandei ek yn Fryslân foar de Fytsalvestêdetocht. Yn Aldemardum hâlde se in pitstop. Klaaid yn koweprint, swart-wite flekken, wachtet in part fan de ploech, de organisaasje, de fytsende freonen op.
Ferline jier dienen se in tocht yn Sweden fan 300 kilometer, dus dit soe net al te dreech wêze moatte. "Het gaat super, met twee vingers in de neus", seit ien fan de Belgen. In oar is fan doel om werom te kommen, hy fynt Fryslân moai. "Ongelofelijk mooi, ik ga zeker nog een keer terugkomen." By de finish sille se earst noch in feestje bouwe.