Fertochte telefoantsjes thús

22 jun 2012 - 10:23

De plysje warskôget foar oplichters dy't minsken opbelje en sizze dat der skealike software op har kompjûter stiet. Lanlik binne der meardere meldingen binnenkaam oer minsken dy't har útjouwe foar meiwurker fan in grut kompjûtersoftwarebedriuw.

Yn min Ingelsk wurdt sein dat der skealike software op de kompjûter stiet en dat it probleem oer de telefoan op te lossen is. Minsken soene dan in programma downloade moatte. Mar dêrmei krije de dieders tagong ta alle gegevens fan de minsken dy't se belje. Yn Fryslân is oant no ta ien melding kaam.

De plysje freget minsken dy't ek belle binne, harren te melden.

Trefwurden: 
software fertocht
(advertinsje)
(advertinsje)