Plysjeman út Fryslân nei chatten bûten funksje steld

21 maaie 2018 - 12:55

De plysje Noard-Nederlân hat moandei in 63-jierrige plysjemeiwurker út it distrikt Fryslân bûten funksje steld. Oanlieding is in chat-kontakt, dat in dei earder plakfûn tusken de plysjemeiwurker en in, nei alle gedachten, minderjierrich famke. Dat kontakt kaam ta stân fia in datingsite, bûten wurktiid.

De ôfdieling Veiligheid, Integriteit en Klachten fan de plysje docht ûndersyk. Yn ôfwachting fan de útkomst is de man bûten funksje steld en mei er gjin plysjegebou of plysjesysteem yn.

Trefwurden: 
plysje bûten funksje
(advertinsje)