Fytsalvestêdetocht: appels by Bartlehiem

21 maaie 2018 - 12:37

Al 22 jier stiet Fenna van der Sluis yn Bartlehiem appels út te dielen oan de dielnimmers fan de Fytsalvestêdetocht, sa ek dizze pinkstermoandei. Yn styl stiet se oan de kant fan de dyk, yn it rôze, mei sjerp en hoed, en dielt se appels út oan de fytsers. It is suver fileriden, want elke fytser hat wol nocht oan in frisse appel.

Mei tal fan oare frijwilligers docht se dat, mar se hâldt der nei dizze kear mei op. "It hat moai west, oaren meie it no oernimme." Se fynt it moai wurk. "It giet hjir mâl, elk jier is it prachtich moai en no ha we ek moai waar derby. In soad minsken dy't de tocht al faker fytst ha, witte dat se hjir in appel krije. Minsken kenne my en betankje my ek." Fytsers foar takom jier hoege har gjin soargen te meitsjen, want der binne al oanmeldingen binnenkommen dy't it wurk fan Fenna oernimme wolle.

En ús razende reporter is alwer fierder flein.. nei Winsum.

En Simone is al wer yn Boalsert... it lêste eintsje no noch.

(advertinsje)
(advertinsje)