Fytsalvestêdetocht: stimpelje, wetter en betizing...

21 maaie 2018 - 11:47

By de Fytsalvestêdetocht heart fansels ek it stimpeljen. Yn Frjentsjer steane de stimpelers as professoaren, in ferwizing nei de eardere universiteit, klear.

Yn stimpelplak Dokkum wienen twa problemen. Troch miskommunikaasje is it ekstra wetterpunt dat dêr betocht wie, net ynrjochte. De materialen dêrfoar leinen noch yn Boalsert en koenen net mear op 'e tiid nei Dokkum brocht wurde. Dêrom wie der in soad drokte by it oare wettertaappunt. Fierder moast de rûte flink oanpast wurde, omdat de merk op 'e nij ynrjochte wurdt. Mar dêrnei rekken guon fytsers it paad bjuster, omdat sy weromgienen nei de âlde rûte.

Trefwurden: 
fytsalvestêdetocht
(advertinsje)