Pinpas stellen: 1250 euro kwyt

22 jun 2012 - 10:19

In 55-jierrige frou út Nes yn Boarnsterhim is tongersdei bestellen fan 1250 euro. Se wie oan it boadskipjen yn in supermerk oan de Stasjonswei yn Grou. Wylst se der eefkes net goed om tocht, waard har de beurs ûntstellen mei dêryn in pinpas. Mei de pas is letter op de middei jild fan de frou har rekken opnaam.

De dief hat nei alle gedachten mei har meisjoen doe't se earder oan it pinnen wie.

Trefwurden: 
Grou pinpas
(advertinsje)
(advertinsje)