Motoralvestêdetocht toert ek troch de provinsje

Ek de motoralvestêdetocht is pinkstermoandei begûn, de start wie 6.45 oere yn Ljouwert. Der dogge net allinnich sa'n 3.600 motors mei, der binne ek 80 âlde brommers en soleksen dy't de tocht ride. It giet om de 83ste edysje.
Troch wurk oan de dyk moast de rûte fan de Fytsalvestêdetocht moandei op in flink oantal punten oanpast wurde. Mar by de motoralvestêdetocht hawwe sy dêr gjin stress fan.