Bykeuken baarnt út by hûs yn Noardwâlde

21 maaie 2018 - 10:19

Yn in wenning oan de IJsbaanweg yn Noardwâlde hat moandeitemoarn brân west. It fjoer ûntstie yn in cv-tsjettel yn de bykeuken fan it hûs. Dy baarnde út. Buorlju fan omlizzende wenningen moasten tydlik harren hûs út. De brânwacht hie it fjoer al gau ûnder kontrôle.

It is noch ûndúdlik hoe't de brân ûntstean koe.

Trefwurden: 
brân Noardwâlde
(advertinsje)
(advertinsje)