De Fytsalvestêdetocht foar de 100ste kear fytse? It kin!

21 maaie 2018 - 09:17

Yn it peloton fan de grutte groep fan alvestêdefytsers binne pinkstermoandei ek wer in protte dielnimmers dy't de tocht al hiel faak dien hawwe. Sechtich kear of mear is yntusken gjin útsûndering mear yn de skiednis fan de tocht. Mar 100 kear, dat ferwachtest net.

Dêr is ek wol in rekkensomke foar nedich en dat somke hawwe Jan Terbraak en Akke van der Werf út Hoogeveen makke. Akke fytste de tocht 44 kear, Jan fytste al 56 kear. En dat is mei-elkoar hûndert. En om dat sjen te litten ha it pear beide in giel hoeske oer de helm hinne mei 'samen 100 x' en in foto fan har derop. Ferslachjouwer Aukje de Hoop trof se yn Dokkum.

Brijleppel

It pear (beide 72 jier) wenne jierren yn Boalsert, mar no al 17 jier yn Hoogeveen. "Mar mei Pinkster bliuwe we Boalsert trou," fertelt Akke. It fytsen is Jan mei de brijleppel yngetten. "Ik kom uit Bolsward en mijn broers fietsten al en toen ik meemocht doen, was ik ook van de partij." Sa faak hat in pear noch net earder fytst en se hâlde ek noch net op. "Geen sprake van! Akke gaat door tot 50 en ik tot 60." It is in gesellige boel, want freonen út Australië fytse ek mei, op in tandem," fertelt Akke.

Trefwurden: 
fytsalvestêdetocht
(advertinsje)